Kiezzige Kronkels, in blijspul

Jobbegea

Jobbegea - Toanielferieniging it Heideblomke út Jobbegea spilet dit toanielseizoen it stik Kiezzige Kronkels, in blijspul It stik wurdt spile troch eigen leden en de regy is yn hannen fan Tineke Hielkema.

It stik                                                                                      Kiezzige Kronkels spilet yn Parys en giet oer de frijgeselle toskedokter Julien Dubois. Hy hat gauris in freondinne mar no liket it mienes te wurden. It ûnskuldiche leagentsje yn it begjin groeit him boppe de holle. Mei help fan syn freon en syn assistente probeart hy de skea te beheinen, mar rekket hieltyd fierder fan hûs. Werom toch fier helje as it sa tichtbij op jo wachtet. Hoe dat krekt sit, kinne jimme sels sjen op de de útfierings fan it Heideblomke. Dizze finne plak op saterdei 23 en 30 jannewaris 2016 yn kafee de Alde Slûs yn Jobbegea, it begjint om acht oere. Nei ôfrin fan it toaniel is der musyk fan de band Zie-Maar. Plak besprekke kin fia 0516 463686 / 0646496907 of toanielferienigingheideblomke@gmail.com

Auteur

Cindy Houwen