Berne-opfang ‘Akkrum’ sertifisearre

AKKRUM

Tongersdei wie it feest op berne-opfang Akkrum, fan Stichting Kinderopvang Friesland (SKF).

Liedsters Wendy, Mirjam, Janella, Anja en Aeltsje hawwe it sertifikaat ‘bernesintrum foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen fan Tomke. Yn Akkrum wurdt sûnt augustus 2013 mei in belied wurke dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en hat it sertifisearringstrajekt no ôfrûne.It wie in tige slagge feest foar âlden, bern en liedsters. De bern hawwe ûnder oaren har eigen cakeje fersierd en koenen mei Tomke op de foto.   Provinsjaal ûnderwiisbelied De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 190 en is noch altyd groeiende.   Berne-opfang Akkrum Berne-opfang Akkrum is ûnderdiel fan Stichting Kinderopvang Friesland. SKF is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjuttewurk en berne-opfang biedt yn noard-west en midden Fryslân. Oant no ta wurkje al 11 pjutteboartersplakken en8bernedeiferbliuwen mei in twatalich belied. Yn Akkrum sjocht it der as folget út: Mirjam, Wendy en Aeltsje prate altyd Frysk mei bern en âlden en Janella en Anja dogge dat mei it Nederlânsk. Beide talen krije ek omtinken yn aktiviteiten as foarlêze, sjonge en rollespultsjes.   De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende:“De liedsters soargje foar in rike taalomjouwing. Sawol mei ynformele as formele aktiviteiten daagje se de bern út ta it brûken fan safolle mooglik taal. Hiel aardich is hoe ’t se dêrby rekken hâlde mei de ferskillende nivo’s fan de bern en hoe ’t de fersoargjende taken ek brûkt wurde om talich dwaande te wêzen. It is in feest fannemoarn om dat te folgjen. De liedsters witte hiel goed wat se dogge en wat de bedoeling dêrfan is.” En: “Se sykje op ferantwurde wize nei mooglikheden om de twatalichheid in plak te jaan. Neffens my is harren dat prima slagge.”   Sertifisearring Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen. It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Auteur

Harry de Jong