Twa tragykomyske ienakters yn Aldeboarn

ALDEBOARN

 It Boarnster Kritetoaniel spilet “Belje Dokter” en “Dus…. hy sûpte”op freed 18, sneon 19 maart om 20.30 oere en op snein 3 april in matinee  foarstelling om 15.30 oereyn It Fryske Hynder yn Aldeboarn.

Mei nei ôfrin muzyk fan DJ Johnny Hallyday op freed- en sneontejûn. Yn “Belje Dokter” sil it bestjoer om 'e tafel om te praten oer it jubileumstik. Der moat fansels in soad regele wurde om it santichjierrich bestean fan de feriening te fieren. Kees, de nije foarsitter, hat him hiel, hiel, hiel….. no ja, sis mar ekstreem punktueel taret op dizze gearkomste, dy't by him thús hâlden wurde sil. Kees is de iennige man yn it selskip en hat it smoardrok, om fjouwer froulju yn it gareel te hâlden. Spilers: August de Jong; Bea Grotenhuis; Jitske Koopmans; Wopkje Groenhof en Ingrid Riemersma. Mar chaos of net, it jubileumstik komt der! Yn “Dus….hy sûpte” kommefjouwer fruolju nei fiifentweintich jier wer byelkoar. Se ha in reüny, gesellich no? Der moat noch âld sear oprakele wurde en dat soarget derfoar dat de bitterballen troch it kafee fleane! Wér CHAOS! Spilers: Afke Krikke; Alie Cnossen; Jenny Dijkstra en Lutske de Roos. Nijsgjirrich wurden: de foarferkeap is freed 4 maart  yn  ’It Fryske Hynder’ Aldeboarn. 19.00-20.00 oere foar STIPERS en 20.00-21.00 oere foar oare belangstellenden. Yntree 10,- euro. Kaarten bestelle: nei 4 maart by O. Kuipers 0566-631863/ 0613467297 tusken 16.00 en 19.00 oere.

Auteur

Harry de Jong