Ds. Hasperskoalle wint Sjongfestival foar bern 2016

AKKRUM

 Nei in spannende finale is de Ds. Hasperskoalle út Akkrum de winner fan it Sjongfestival foar bern 2016 wurden.

De skoalle giet der mei de gouden mikrofoan fan troch. Sy wûnen mei it ferske ‘Ien en ien’. De sjuery wie tige te sprekken oer it optreden fan de skoalle: “Pikefel. It pakt je. Alles kloppe.” It Finster út Warkum wûn de tekstpriis, de priis foar it bêste selsskreaune nûmer.

Auteur

Harry de Jong