Soad belangstelling foar FNP kream op Multi Culti festival

IT HEARRENFEAN

 Der wie sneon in soad belangstelling foar de kream fan FNP Hearrenfean op de jierlikse multi culti merk op it gemeenteplein op it Hearrenfean.

De FNP stie der mei Fryske hapkes sa as koeke, sûkerbôle, sûkerlatte en brea (Roggenbrea). Derneist koene de besikers reagearje op in enkête oer de Fryske kultuer.  Der koe oanjûn wurde wat minsken ûnder Fryske kultuer fersteane. Sa koe der in kar  makke wurde út in 20  tal mooglikheden sa as Fryske Taal, Lânskip, Alfestêdetocht, Berenburg, Sc Heerenveen enMienskip. Ek koene der eigen items ynbrocht wurde en de list wurde hjirmei útwreide mei bygelyks Kening Redbaud, fierljeppen en De Hûnekop. Mar leafst 180 minsken ha dizze enkête ynfolt. Elk koe trije items oan krûskje De measte minsken brochten har stim út op De Fryske Taal ( Mar leafst 44 %), it Skûtsjesilen (40%) en de Alfestêdetocht ( ek 40 %). Ek waard der in soad stimt op it Fryske Lânskip, reedriden, it Fryske Folkslied, sc Heerenveen en sûkerbôle. De FNP giet dizze simmer de hiele gemeente troch en stiet de kommende moannen ek op eveneminten op de Fryske Dei yn  Bontebok , De Fryske Dei Akkrum en by de jierlikse gondelvaart yn Aldeboarn.

Auteur

Harry de Jong