Raadslid In Het Nieuws: “In 5,5 is te min foar de ynwenners fan Hearrenfean"

Heerenveen

In de rubriek 'Raadslid in het nieuws' vertelt een raadslid van de gemeente Heerenveen over een onderwerp waar hij zich mee bezighoudt. Deze week is het de beurt aan Ate Eijer, fractievoorzitter van de FNP.

Moarn behannelet de gemeenteried it saneamde kwaliteitsplan kapitaalguod. By dit agindapunt nimt de ried in beslút oer it jild dat se beskikber stelle wol foar it behear en de kwaliteit fan gemeentlike eigendommen. Sa as brêgen, kades mar it giet ek oer it ûnderhâld en skjinmeitsjen fan strjitten en it ûnderhâld fan it iepenbiere grien. Twa aspekten dy’t de lêste jierren yn de gemeente net de haadpriis krigen hawwe. De gemeente Hearrenfean moast besunigje en dit wie simmers goed te sjen by it ûnderhâld fan de iepenbiere romte. It ûnkrûd stie sintimeters heech, diken en strjitten wiene oerwoekere mei ûnkrûd mar ek rûnom beammen en peallen stie it ûnkrûd sintimeters heech. Dat kin neffens de FNP sa net wer. It kolleezje fan B en W fan VVD, CDA en PvdA komt no mei oanpaste plannen foar it ûnderhâld en wol mear jild útlûke foar it ûnderhâld. Mar dan allinnich foar it sintrum fan de gemeente. Neffens de FNP in ferkearde kar. Elkenien is lyk en alle ynwenners fan ús gemeente fertsjinje, nij jierren fan besunigingen, om yn in kreaze leaf omjouwing te wenjen. Kreaze wenwiken binne krekt as it sintrum ús fisitekaartsjes. Ek hat de gemeente in foarbyld funksje. Jo wolle dochs ek yn in skjinne omjouwing wenje? De kar fan it kolleezje foar it heger nivo foar it sintrum is basearre op it saneamde ‘bewust behear”. Hjiryn wurdt ferskil makke tusken heech (7,5 -9,5), basis (5,5 – 7) of in leech nivo (leger as in 5). By it basisnivo kriget ûnkrûd noch altiten folop romte om te groeien. Sa kriget in plantsoen mei foar de helte ûnkrûd op in hichte fan 30 cm kriget noch altiten in 5,5. Mar ek sil der by it basisnivo minder faak boarstele wurde. Mei as gefolch dat op parkearplakken en op trottoirs it ûnkrûd heech opsjitte mei. De FNP kin him hjir net yn fine en wol foar de doarpen en wenwiken, krekt as foar it sintrum, in heech ûnderhâldsnivo. In 5,5 is ús gewoan te min.

Auteur

Redactie