Raadslid In Het Nieuws: "Wa is de baas!"

Heerenveen

In de rubriek 'Raadslid in het nieuws' vertelt een raadslid van de gemeente Heerenveen over een onderwerp waar hij zich mee bezighoudt. Deze week is het de beurt aan Poppe Hooijsma, raadslid voor de FNP.

Ja, yn de gemeente is dat de gemeenteried. Mar hoe gean je hjir mei om. Boargemaster en wethâlders kinne mei plannen komme. Wy, as FNP, fine dat je earst mei de ynwenners, dy't hjir mei te meitsjen krije, om tafel moatte. Dan krije je faak in better en troch de ynwenners droegen plan. Ien fan ús punten sûnt de oprjochting yn 1962! De lêste jierren is dat sterk ferbettere, mar je moatte nea tefreden wêze. Oerlis mei ynwenners sit yn ús, net allinne mei ferkiezingen. Dat guon saken kompleet trochslein binne is de lêste jierren wol dúdlik wurden. As jo tinke oan de soarch en oare branches wer net mear tocht wurdt oan de basis fan harren bestean, dan giet it op de kop ferkeard. De nije ynisjativen dy't dêr no binne om in "Nationaal Zorgfonds" fan 'e grûn te krijen, kinne wy dan ek stypje. Plannen dy't troch ús eigen ynwenners en ûndernimmers betocht wurde, moatte je goed nei sjen. Sitte faak goede ideeën yn. Elk wit wol dat net alles mooglik is, mar op in saaklike en goede wize kin der in protte. Gelokkich binne de measte politike partijen de lêste jierren net mear fan: Alles kin, it is dochs mienskipsjild! Der wurdt no better omgong mei jild fan de mienskip. En sa heart it! Want as ik ek sjoch hoe yn it ferline omgien is mei de romte en gebouwen ôfbrekke dan kin ik allinne mar sizze: -Dit kin net wer-. It sintrum fan it Hearrenfean komt no, mei troch de wurkgroep 'Oud Heerenveen' en ek de ûndernimmers, ta in goed ynsjoch hoe't it better kin. Yn de plannen foar in 'Feanétie' sitte moaie en goede ideeën. Sa wolle wy dat ek yn ús hiele gemeente! Ik, en de oare FNP'ers, binne altyd beskikber om mei ynwenners en ûndernimmers te praten. It giet net om ús, mar om ús gemeente. En foar ús gemeente binne dat ús ynwenners.

Auteur

Redactie