Raadslid In Het Nieuws: "Praat Frysk mei de bern"

Heerenveen

In de rubriek 'Raadslid in het nieuws' vertelt een raadslid van de gemeente Heerenveen over een onderwerp waar zij zich mee bezighoudt. Deze week is het de beurt aan Maaike Terpstra, raadslid voor de FNP. 

De Fryske taal leit my nei oan it hert. Ik fyn it noflik as ik Frysk prate kin.  Dat docht wol bliken as ik oer de grins bin: hear ik ien Frysk praten, dan is it earste kontakt al makke. Ik bin grutsk op Fryslân mei syn eigen Fryske taal en kultuer!

 De gemeente is op dit stuit drok dwaande mei it opstellen fan in nij Frysk taalbelied. En wat wolle wy dan: moat it bliuwe sa as it no is, as wolle wy mear ambysje? Ik fyn dat wy witte moatte wêr de mogelikheden lizze, wat wol as net helber is en hoe fier de ambysje gean kin. In belied moat fan ûnderop droegen wurde, wol it belied yn de praktyk in bydrage leverje kinne oan it ta passen fan de Fryske taal yn de kommunikaasje.

Ik soe graach wolle dat de Fryske taal yn de takomst ek noch brûkt wurdt. Mar hoe dogge wy dat? Alles dellizze by de oerheid, belied fêststelle en tinke dat it dan goed komt, is yn elts gefal neffens my net de oplossing.

Sy sizze: “Wat je meegeeft, is wat je straks achterlaat.” Dit jildt no eins ek foar de Fryske taal. Ik bin fan miening dat wy ús sels ferantwurdlik binne foar de takomst. Derom fyn ik it as âlder ek belangryk dat wy ús bern sjen litte dat wy de Fryske taal wichtich fine. Fan ûnderop en tichtby, dêr moatte wy begjinne. Hjirby dan ek in oprop foar alle âlders dy’t mei de Fryske taal opgroeit binne: praat Frysk mei de bern, skriuw Fryske briefkes, appkes as Sinteklaasgedichten foar de bern en lês de bern foar yn it Frysk.

Dêrneist leit hjir neffens my ek in rol foar it ûnderwiis en harren ynspeksje. It soe goed wêze as de berne-opfang, skoallen fan it basis- en fuortsetûnderwiis de romte krije om de Fryske taal aktiver ta te passen.

As wy wolle dat de Fryske taal takomst hat, moatte wy as boarger dat ek sels wolle en dêr dan ek wat mei dwaan. De Fryske taal moat libje yn ús hert en omjouwing en net allinnich op papier in oandachtspunt wêze.


Auteur

Redactie