Toanielferieniging it Heideblomke spilet Brutsen iis

JOBBEGEA

Toanielferieniging it Heideblomke út Jobbegea spilet dit toanielseizoen it stik Brutsen iis, in komeedzje fan Haye van der Heyden.

It stik wurdt spile troch eigen leden en de regy is yn hannen fan Tineke Hielkema. It stik Brútsen iis spilet him ôf op it dek fan de 'Maria Stuart', in lúks cruiseskip mei foaral  minsken dy't allinne binne. Elk hat sa syn eigen reden om ûnderdiel te wêzen fan it komfortabele driuwende hotel. Dochs wurdt der wol in protte lake en as it iis ien kear brutsen is, leit sels de romantyk op de loer. Der wurdt dronken, dûnse en songen, mar efter dit ferskûlet him ek de tiidgeast dy't it âlder wurden net altyd like maklik ferrinne lit. De útfierings fan it Heideblomke finne plak op saterdei 21 en 28 jannewaris 2017 yn kafee de Alde Slûs yn Jobbegea, it begjint om acht oere. Nei ôfrin fan it toaniel is der musyk 21 jannewaris Ronny en 28 jannewaris de band Zie-Maar. Plak besprekke kin fia 0516 462979 of toanielferienigingheideblomke@gmail.com

Auteur

Harry de Jong