Bernard Smilde priis 2017

IT HEARRENFEAN

Fiif jier lyn hat de 'stichting Krúspunt' de Bernard Smilde priis ynsteld. Elk jier waard der in nij tema útsocht dêr't it yn te stjoeren liet of fers oer gean moast.

                              It tema foar 2017 is  "jûnsliet". De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt. De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien. De priiswinner wurdt bekend makke op ’e Krúspuntdei sneon 22 april o.s.. Ynstjoeringen moatte úterlik 1 april  2017 binnen wêze. Dizze priis is neamd nei de ein augustus 2014 ferstoarne bekinde en produktive komponist Bernard Smilde, oersetter, tekstdichter en redakteur fan it Fryske tsjerkeliet yn ’e twadde helte fan de 20e iuw. Stichting Krúspunt is fan betinken, dat der yn Fryslân te min eigentalige tsjerkelieten yn libben gebrûk binne. Der is in protte materiaal yn bondels beskikber, mar de measte fan dy bondels binne yn breder fermidden ûntstien, en ús docht bliken dat net alle lieten yn bygelyks it Lieteboek foar de Tsjerken oanslute yn Fryslân, ek net as se yn it Frysk oerset binne. Dêrom wol Krúspunt fan ûnderen op stimulearje, dat de minsken dy’t de tsjerken (of oare geloofsmienskippen) drage sels mei moaie lieten komme. Op termyn kin sa in nije skat fan lieten fan ’e mienskip ûntstean.

Auteur

Harry de Jong