Twa ienakters It Boarnster Krite Toaniel

ALDEBOARN

It Boarnster Krite Toaniel spilet op freed 27 jannewaris en  sneon 28 jannewaris  om 20.30 oere of snein 5 febrewaris om 15.30 oere twa ienakters:

In lichte lunch (Peter van Straaten, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra )en Twastriid (Corine Hartman en Nicolet Steemers, Fryske oersetting Baukje Stavinga). Twa kear twa susters, dy’t noch wat mei inoar te ferrekenjen ha.  Yn beide stikken sil der ôfrekkene wurde:  net allinnich mei de ober en de notaris, mar benammen mei inoar. Lokaasje: Café De Post (foarhinne It Fryske Hynder) yn Aldeboarn. Kaarten  binne tillefoanysk te bestellen by Obe Kuipers, 0566-631863 of 06 1346 7297 tusken 16.00 en 19.00 oere. De kaarten kosje 10 euro it stik.

Auteur

Harry de Jong