De Hûnekop spilet yn… it Posthús Teater op it Hearrenfean

Heerenveen

It HEARRENFEAN – De Fryske arbeidersrockband De Hûnekop hat in koarte teatertour troch Fryslân (trije optredens: yn Ljouwert, Drachten en op it Hearrenfean) en docht tongersdei 9 febrewaris om kertier oer achten it Posthús Teater op it Hearrenfean oan.

De Hûnekop spilet ‘Wanklanken fan ‘e wurkflier’, in show fol muzyk, sterke ferhalen en in oerdosis humor. Dit bart fansels op hiel eigen wyze, sa as alinne De Hûnekop dat kin. In hiele nije belibbenis foar sawol de Hûnekopfan as de teaterleafhawwers. De bêste cabaretiers fan ‘e wrâld sitte ferstoppe yn fabryken, op bouwpleatsen en skeepswerven. De Hûnekop soarget dat dit talint in poadium krijt yn it teater. Koart troch de bocht, rjocht troch see en gjin blêd foar de mûle! De Hûnekop hat spesjaal foar de teaterfoarstelling in filmke útbrocht, weryn de bandleden harren sels òffreegje wat se hjir mei oan moatte, mei in teaterfoarstelling. It filmke is ek op de webside fan it Posthús Teater te sjen. De band bestiet út Emiel Stoffers (zang), Bart Scheffers (drums), Rik Alsma (contrabas) en Jeroen Seinstra (gitaar). Kaartferkeap giet fia it teater sels of fia de website www.posthuistheater.nl.

Auteur

Harry de Jong