Flinke groei ferkeap sfearhurden

IT HEARRENFEAN

 – Faber Haarden fan It Hearrenfean fernimt dat de fraach yn Europa nei elektryske en gassfearhurden aardich tanimt.Dêrfandinne dat der yn de kommende tiid in fierdere groei fan de omset ferwachte wurdt, en dêrmei fan de wurkgelegendheid. De eigener fan it bedriuw, it Ierske Glen Dimplex, fernimt dat ek en hat dêrom besletten om de fêstiging op It Hearrenfean haadkantoar te meitsjen fan de difyzje EU Flame. Yn dy difyzje wie Faber al it wichtichste bedriuwsûnderdiel.Mei de útwreiding wurdt in tal wichtige aktiviteiten oan it pakket fan it bedriuw op It Hearrenfean tafoege. Sa komt bygelyks de produktûntwikkeling hielendal op It Hearrenfean te lizzen. Alle Europeeske ferkeapaktiviteiten wurde ek út It Hearrenfean wei stipe. Mei útsûndering fan Ierlân en Grut Brittanje wurdt de ferkeap yn hiel Europa út It Hearrenfean wei koördinearre. Op dit stuit al wurde klanten yn harren eigen taal te wurd stien; in Frânske klant wurd yn it Frâns holpen.Yn 1844 lei Jan Gerrits Faber yn Frjentsjer de basis foar it hjoeddeiske Faber mei de oprjochting fan in ambachtlike smidte. It ierdgas yn Slochteren feroarsake yn de jierren sechtich foar de earste grutte stoarmrin op gashurden. Faber spile dêr hieltyd wer op yn mei nije produkten en techniken. Yn de jierren dêrnei koe Faber it earste plak opeaskje op ’e merk  fan hurden dy't noch op de skoarstien oansletten waarden. Yn 1996 yntrodusearre Faber as earste de technyk fan it sletten ferbrânningssysteem.Op dit stuit wurkje der al tachtich minsken by de fêstiging op it yndustryterrein IBF by It Hearrenfean. Fêstigingsmanager Gert-Jan Roelofs ferwachtet dat it tal wurknimmers yn de kommende jierren oanmerklik tanimme sil. (http://www.itnijs.frl/2017/02/flinke-groei-ferkeap-sfearhurden/)


Auteur

mijnnieuwsenco