Rabobank-klanten mei koarting nei Museum Belvédère

IT HEARRENFEAN

 – Klanten fan de Rabobank kinne tenei op it sjen litten fan harren bankpas mei koarting nei Museum Belvédère.De tagong foar Rabobank-klanten is fiif euro wylst in regulier yntreekaartsje njoggen euro kostet. De aksje giet yn op 1 maart 2017 en rint salang't it museum en de bank in oerienkomst hawwe.Rabobank It Hearrenfean-Súdeast Fryslân is in wichtige kulturele partner fan Museum Belvédère. Direksjefoarsitter Rients Schuddebeurs: "As bank fine wy it wichtich om kultuer tagonklik te meitsjen foar elkenien. Belvédère is in unyk museum mei in lanlike útstrieling en dêrmei fan enoarm belang foar ús regio." De koarting is foar alle Rabobank-klanten.Museum Belvédère yn Oranjewâld organisearret likernôch fjouwer eksposysjes jiers. Dêrnjonken binne der in protte kulturele eveneminten lykas konserten, lêzings en foarstellings yn it museum. Mear ynformaasje oer iepeningstiden en rinnende eksposysjes: www.museumbelvedere.nl.(Boarne: http://www.itnijs.frl/2017/03/rabobank-klanten-mei-koarting-nei-museum-belvedere/)


Auteur

mijnnieuwsenco