,Wy komme op ‘e telefyzje'

KETLIK

 Toanielselskip De Twa Doarpen spylet op 10, 11, 17 en 18 maart 2017 it stik Wy komme op ‘e telefyzje.

In komeedzje yn trije bedriuwen fan John Vermeulen. De Fryske oersetting is fan Siep Jorna. In toanielferiening driget fallyt te gean en dat moat fansels net. Yme, de foarsitter fan  dizze klub wol allinich oan “Grutte Keunst” en ja dan komt der net safolle publyk en de rekkens bluiwe heech. Oant…..Van den Ende bellet en dy wol de Fekke, spyle troch De Twa Doarpen utstjoere op ‘e telefyzje. Dat jout de spilers genoch fut om troch te gean. Dit is seker foar Jeltsje Kingma de haadrolspilster fan dit stik it gefal. Is it dekor klear?  Hald dit balkon? Jo kinne it sjen op 10,11,17 en 18 maart yn d’Herbergh yn Ketlik. Kaarten yn it foar by Minke Bouwstra Til. 632878

Auteur

Harry de Jong