Armoedebeleid in Heerenveen (7)

IT HEARRENFEAN

Yn it "ideale plaatsje" is elkenien sûn, hat elkenien in dak boppe de holle, genôch te iten en leafde fan minsken om har hinne. Wy witte allegearre dat de praktyk hiel oars wêze kin.

Ek yn ús gemeente binne der in protte minsken dy yn earmoede libje en bygelyks nei de Voedselbank moatte. Minsken ha dan net mear sels de toukes yn hannen. Sy binne oan it oerlibjen en moatte de toukes oan inoar knoopje. Dizze minsken ha der net om frege om yn dizze situaasje te lâne te kommen. It is harren oerkaam: sy ha net leard hoe't it oars kin as ha in ferkearde kar makken. De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde. Wat kinne wy dwaan om minsken te helpen harren libben wer op 'e rit te krijen? Alderearst moat foar elkenien dúdlik wêze wêr sy te lâne kinne foar help, mar ek hokker mooglikheden der binne om minsken yn earmoede te mjitte te kommen. De budgetgids fan de gemeente kin dan helpend wêze. De FNP is hjir dan ek hiel wiis mei. Dêrnjonken wurdt it probleem troch de tiid grutter, omdat der in taboe is op earmoede en skulden, minsken doare net oan te jaan dat sy skulden ha. Previntyf belied hat de foarkar boppe symptoombestriding. De help moat maatwurk wêze, maklik tagonklik en tichteby de minsken stean. Dêrneist sa min mooglik burokratysk; regels binne in middel, net in doel. De FNP is dan ek tige ynnaam mei it foarnimmen om te starten mei in nije oanpak om minsken mei jildproblemen te begelieden en helpen. It is fan grut belang dat dêr wêr't it kin, de minsken sels regy hâlde. De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit en ferantwurdlikheid de romte jaan, dat minsken harren optimaal ûntwikkelje kinne. Dat makket ek dat de FNP bygelyks de Heerenveense Zorg Regeling stipe hat en as it kin hjir sels mear jild foar frije meitsje wol. Mar ek it foarnimmen om mear sinten frij te meitsjen foar om minsken mei in útkearing wer oan it wurk te krijen sprekt de FNP oan. Mar it wichtichste fan al is dat de helpferliening allinnich mar goed rinne kin as de minsken sels kinne en wolle. De FNP-fraksje  

Auteur

Harry de Jong