De Ontmoeting: Ate Eijer

Heerenveen

Waar komen mensen elkaar tegen de komende weken? Vandaag in de rubriek De Ontmoeting Ate Eijer over de afgelopen mountainbiketocht door de Frije Wiken.

Wie ben je? “Ik ben Ate Eijer út Jobbegea. Ik ha in eigen PR en Kommunikaasjeburo en bin ek meiwurker fan de Sa!, it hûs en hûsblêd fan Opsterlân en omkriten. Derneist bin ik riedslid foar de FNP yn de gemeente Hearrenfean. Ek bin ik belutsen by ferskillende organisaasjes yn Jobbegea en wie by de mountainbiketocht fan 16 july mei ferantwurdlik foar de organisaasje.” Hoe is de afgelopen mountainbiketocht door de Frije Wiken verlopen? “De 5e edysje fan dizze mountainbiketocht is tige goed ferrûn. Der wiene hast 150 dielnimmers út ferskate plakken sa as Roden, Stjienwyk, Akkrum en ek in soad út It Hearrenfean. De dielnimmers wiene ek goed te sprekken oer de organisaasje en in soad wiene ferheard oer it gebiet dat foar harren ûnbekend wie. We binne it earste jier start mei 2 dielnimmers en alle jierren sit der in groei yn. Dus no hast 150 dielnimmers. Allegearre minsken dy’t troch it meidwaan oan de tocht yn byld krigen ha fan it ferskaat fan it gebiet wêrtroch de Frije Wiken sa unyk is." Was er nog iets speciaal aan de tocht omdat het de vijfde editie was? “Net echt eat spesjaal mar wol mei in ferhaal. De mountainbiketocht wie yn foarige jierren ûnderdiel fan ‘De Wike fan de Frije Wiken’. In wike fol mei allegearre aktiviteiten yn de 14 doarpen fan de Frije Wiken. Om ferskate redenen is dizze wike dit jier net organisearre. Mar de frijwilligers dy’t by de organisaasje fan earder belutsen wiene fûnen it spitich dat de mountainbiketocht dêrtroch ek net troch gean koe. Se hawwe dit by it bestjoer fan de Frije Wiken kenber makke wêrop besletten is om de mountainbike rit wol troch gean te litten.” Hoe is het idee voor deze mountainbiketocht destijds ontstaan? “De Stichting De Frije Wiken sjocht it as har taak om it gebiet fan de 14 doarpen dúdliker op de (toeristyske ) kaart fan Fryslân te setten. Derfoar wurde der ferskate dingen oppakt wêrtroch de eigen identiteit fan it gebiet sjen litten wurde kin. Ien fan de aktiviteiten wie de organisaasje fan ‘De Wike fan de Frije Wiken’, mei u.o. kuier- en fytstochten, iepen dagen fan bedriuwen, in nachtkuiertocht, in iepen loft tsjinst en de moantainbike rit.” Voor iedereen die de Frije Wiken niet kent, wat is dat voor gebied? “De Frije Wiken” of 'It lân fan it folk sûnder oeren' is in gearwurking tusken 14 doarpen mei as doel it gebiet bekend te meitsjen by in grut publyk. It gebiet is foar in soad minsken noch in ûnbekend, mar is is sa as de Dûtsers it neame: In Geheimtip. By namme foar fytsers en kuierders. De mountainbiketocht gie lâns de wiken fan Jobbegea, Hoarnstersweach en Ald- en Nijhoarne. Mar ek gie de tocht lâns de âlde trambaan yn Hoarnstersweach en de Kiekenberg yn Aldhoaren. Der wiene 2 ôfstannen; 35 en 50 km.” Komt er volgend jaar weer een editie? “Ja, nei it sukses fan dit jier sil der yn septimber in gearkomste belein wurde wêr’t in offisjele organisaasje oprjochte wurdt dy’t yn de takomst ferantwurdlik is foar de organisaasje fan dizze mountainbiketocht” Wat zou je verder nog kwijt willen? “It antwurd op de lêste fraach beäntwurdet is no krekt wat de Stichting De Frije Wiken mei de organisaasje fan De Wike fan de Frije Wiken foar eagen stie. Nije inisjativen ûntwikkelje dy’t troch de doarpen oppakt wurde kinne. Mei de mountainbiketocht liket dit hiel goed te slagjen.”

Auteur

Redactie