Fan Obe nei Eppie: santich jier Gysbert Japicxpriis

HEERENVEEN

 – Yn 1947 krige de no noch tige wurdearre dichter Obe Postma (1868-1963) de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel It sil bestean.Santich jier letter, ôfrûne sneontemiddei 14 oktober, is troch deputearre Sietske Poepjes yn de Martinitsjerke fan Bolswert Eppie Dam dy heechste literêre priis fan Fryslân útrikt. “Syn namme nea yn uws gehûgnis stjert”, waard ea sein fan Gysbert Japicx (1603-1666). De namme fan Obe stiet takom jier op it gebou fan Lân fan Taal, mar de namme fan dichter Eppie Dam sil ek net gau yn it ferjitboek reitsje. Is der fan Gysbert mar ien dichtbondel, Obe Postma skreau acht en Eppie Dam achttjin.Neist gedichten skreau Dam ek berneboeken, krantekollums, de tekst foar in kantate, dichte er gâns tsjerkelieten, en sette er lieten oer foar it Fryske tsjerklike Lieteboek (2015). De heechste Fryske literêre priis wurdt om en om útrikt foar literatuer en poëzy. Dit jier wie de poëzy tusken 2013 en 2016 oan bar en foel de kar op Fallend ljocht fan Eppie Dam.Yn earste ynstânsje waarden der fiif nominaasjes bekend makke, en soe de priiswinner pas bekend wurde... It folsleine artikel kinne jo lêze op : https://www.itnijs.frl/2017/10/fan-obe-nei-eppie-santich-jier-gysbert-japicxpriis/


Auteur

mijnnieuwsenco