Brûk ynternetkonsultaasje om fleantúchleven te kearen

IT HEARRENFEAN

 – As we it net opkeare, sille in protte fan ús skielk libje moatte mei leven fan fleantugen.Om it mooglik te meitsjen dat Schiphol trochwaakst, set in fernijde lofthaven Lelystêd yn 2019 útein mei fakânsjeflechten nei de Middellânske See en binnen Europa. Dat ferkear moat yn ús lytse lantsje ûnder dat fan Schiphol troch en dat is fan dy gefolgen dat de fleantugen leech oerkomme. De rûtes binne noch net folslein wis, mar grutte kloften minsken yn it noarden en easten fan it lân sille it fernimme.De oerheid organisearret in ynternetkonsultaasje en freget om ferbetterfoarstellen. It alderbêste is it om dermei op te hâlden. Nederlân hat in klimaatakkoart tekene en we ha in nij regear dat fan duorsumens in spearpunt makket, wylst loftfeart ien fan de slimste klimaatfergriemers is. Nettsjinsteande in nij lyts elektrysk fleanreauke dat ôfrûne wike in stikje yn Nederlân flein hat, sil dat de kommende desenniums net feroarje.In kar tsjin dy ferdealde lofthaven Lelystêd is in kar foar in better klimaat, foar in oantrekliker wenkrite en foar mear wurk. Jou dat oan by de ynternetkonsultaasje Ontwerp aansluitroutes Lelystad Airport.Lês mear op:https://www.itnijs.frl/2017/10/bruk-ynternetkonsultaasje-om-fleantuchleven-te-kearen/


Auteur

mijnnieuwsenco