It Heideblomke spilet ,It Siet Yn e Loft’

JOBBEGEA -

Toanielferieniging it Heideblomke út Jobbegea spilet dit toanielseizoen it stik; Is siet yn é loft, in blijspul fan Maro Camoletti neffens de Nederlânske fersy fan Boeing, Boeing fan Luc Lutz.

It stik wurdt spile troch eigen leden en de regy is yn hannen fan Tineke Hielkema. Paul bewennet in flat yn Parys. Hy hat in soad wille yn syn libben. Sa hat hy wol trije froulju, stewardessen, dy’t om bar út de loft falle. As de tsjinstroasters omgooid wurde rint it wolris mis. Mar mei help fan de faam en de freon hat net ien yn de gaten dat se bedondere wurde. Hoe dat allegearre om en ta giet is te sjen tiidens de útfierings op saterdei 20 en 27 jannewaris 2018 yn kafee de Alde Slûs yn Jobbegea, it begjint om acht oere. Nei ôfrin fan it toaniel is der musyk mei Ronny Plak besprekke kin fia 0516 462979 of toanielferienigingheideblomke@gmail.com

Auteur

admin