Politieke rubriek: “As riedslid wol ik de ferbining wêze tusken ynwenners en it bestjoer fan ús moaie gemeente”

Heerenveen

In aanloop naar de gemeenteraadsverkiezingen op 21 maart komt de Heerenveense Courant met een serie artikelen waarin elke week twee raadsleden van een bepaalde partij aan het woord komen. Het betreft raadsleden die blijven, vertrekken of nieuw zijn. Deze week is Alette de Jong een van de twee raadsleden die aan het woord komen. Alette de Jong stelt zich als nieuw raadslid van de FNP beschikbaar.

Stel jezelf eens voor

“Myn namme is Alette de Jong Kleefstra. Ik wenje mei myn man en ús twa bern al in lytse 20 jier yn Nijbrêge, sûnt maart 2017 wennet myn mem by ús, sy kin troch har sykte net mear selsstannich wenje. Ik bin hikke en tein yn Aldeboarn , dernei ha ik in pear jier yn Akkrum wenne en yn 1999 bin ik nei yn Nijbrêge ferhuze. Ik wenje hjir mei in soad nocht en wille. Foar de FNP Hearrenfean stean ik as nûmer twa op `e list om riedslid te wurden. Ik bin tige wiis mei it betrouwen dat de fraksje en de leden fan FNP Hearrenfean yn my hawwe. Ik sil dan ek myn bêst dwaan om in tige belutsen riedslid te wurden en om myn funksje mei hert en siel út te fieren. Yn myn wurk begelied ik minsken mei in beheining, in geweldich berop wêrby it foar my in útdaging is om de minsken te stimulearjen harren sa goed as mooglik op alle mêd te ûntwikkeljen .”

Waarom wil je in de gemeenteraad komen?

“Just yn mien wurk as begelieder, mar ek yn myn privee situaasjes rûn ik oan tsjin ferskate saken oangeande ‘soarch’, wêr`t ik fan tocht dat it oars en better koe en moast. Dat hat foar my de grutste driuwfear west om my by de FNP yn Hearrenfean oan te sluten. Ik sit al twa jier yn de skaadfraksje en bin no klear foar it riedswurk. Want wannear jo wat feroarje wolle dan moatte jo net lâns de kant stean te roppen en te razen, mar dan moatte jo soarchje dat jo earne op in plak komme te sitten wêr`t jo wat yn ‘e molke te brokkeljen hawwe, wêr`t jo in ferskil meitsje kinne.”

Hoe zie je het zijn van gemeenteraadslid voor je?

“Ik hoopje in tige tagonklik riedslid te wêzen, ‘ticht by de minsken’, wêr’t de ynwenners fan ‘e gemeente Hearrenfean harren doare te uterjen, oft se fragen hawwe as opmerkingen oer it ien as oar dan meie se my oan e jas lûke en sil ik sjen oft ik earne wat foar harren betsjutte kin. As riedslid wol ik de ferbining wêze tusken ynwenners en it bestjoer fan ús moaie gemeente.”

Wat zijn je plannen?

“Binnen it saneamde ‘Sosjaal Domyn’ leit bynammen myn ynteresse. Alles oangeande soarch en wolwêzen fan ús ynwenners fyn ik tige wichtich. Fanwegen it feit dat elkenien dêr lang om lêst mei te krijen hat, elk wurd âlder en mei âldens kinne dêr ek moailikheden komme. Meidwaan moat foar elkenien mooglik wêze en altyd op in wize dy`t by him as har past. Saken dy`t in bydrage leverje kinne oan it befoarderjen fan sosjale kontakten tusken minsken hat tige myn stipe. In iensum minske is faakst gjin lokkich minske en elkenien hat neffens my it rjocht om lokkich te wêzen. Wannear ik in inkeld persoan wat minder iensum fiele litte kin, is myn dei wer goed.”

Is er verder nog iets wat je kwijt zou willen?

“De positive opbouwende sfear dy`t no binnen de gemeenteried oanwêzich is, moat dêr foaral bliuwe. Respekt foarinoar, dêrmei komme jo in hiel ein, ek al binne jo it net altyd mei-inoar iens.”

Auteur

Redactie