Politieke rubriek: “Ik hoopje dat ynwenners, bedriuwen en ynstellings my as in berikber riedslid sjoen ha”

Heerenveen

In aanloop naar de gemeenteraadsverkiezingen op 21 maart komt de Heerenveense Courant met een serie artikelen waarin elke week twee raadsleden van een bepaalde partij aan het woord komen. Het betreft raadsleden die blijven, vertrekken of nieuw zijn. Deze week is Poppe Hooijsma een van de twee raadsleden die aan het woord komen. Poppe Hooijsma is vertrekkend raadslid van de FNP.

Stel jezelf eens voor

“Ik bin Poppe Hooijsma, riedslid foar de FNP yn dizze gemeente. Wurke as konsultant/bûtentsjinst yn de Noardlike Provinsjes. Kaam by bedriuwen en ynstellings foar de jierrekken en oare ynformaasje.”

Waarom stop je als raadslid?

“Ik bin no 20 jier riedslid yn ús gemeente en derom kin ik no wol ophâlde! Dus in eigen beslút, en neat oars.”

Wat heeft het raadslidmaatschap je gebracht?

“As riedslid, mar ek troch myn wurk, haw ik in protte kennis krige fan allerhande saken.”

Waar ben je trots op op wat je hebt bereikt?

“Grutsk bin ik net, fyn gewoan je moat alles sa goed as mooglik dwaan.”

Hoe kijk je terug op die afgelopen jaren als gemeenteraadslid?

“In partij kin as ienigste neat berikke. Altyd moat der in mearderhyd wêze om in beslút te nimmen, mar der binne ek partijen dy dogge krekt of kin hja alles allinne beslúte. Wol jierren warskôge foar tefolle djoere plannen meitsje. Doe kaam de krisis en moasten guon partijen harren ambysjes bystelle. Dat is goed slagge, en de gemeente is no wer finansjeel sûn.”

Heb je tips voor je opvolger(s)?

“Foar nije riedsleden haw ik gjin tips. Hja moatte it op eigen wize dwaan. Wol moat in riedslid oerol goed fan op'e hichte wêze en midden yn de mienskip stean. ‘Prate mei de minsken, dan hearre jo genôch’.”

Wat heb je de afgelopen jaar gehoopt te betekenen voor de Heerenveners?

“Yn de praktyk hat elke ynwenner, bedriuw of ynstelling my altiid roppe of belje kinnen. Ek hearde ik ûnderweis wol wat de minsken dwaande hold. Ik hoopje dan ek dat ynwenners, bedriuwen en ynstellings my as in berikber riedslid sjoen ha.”

Ga je het raadswerk missen?

“Ik wit net as ik it riedswurk misse sil, elke tiid hat wol wat. Troch reorganisaasje hie ik oerdei al mear tiid beskikber, no jouns dus ek! Minsken witte wa ik bin en dat bliuwt gewoan sa. Ik bin noch geregeld op 'n paad! Bliuw gewoan beskikber foar myn partij. Dêrom tige tank ynwenners, bedriuwen en ynstellings foar jim ynbring! Oan't sjen yn ús moaie gemeente!”

Auteur

Redactie