FOTO’S | Sjouke de Zee en Wokke de Ruiter zestig jaar getrouwd

AKKRUM

Sjouke de Zee (89) en Wokke de Ruiter (84) zijn vandaag zestig jaar getrouwd.

Wokke de Zee, bekend van het weblog www.tidenhawwetiden.nl, schreef zelf een mooi verhaal over het huwelijk met haar man.

Hieronder haar tekst.

Op 17 septimber 1958 stapten wij, Sjouke de Zee (berne 22 febrewaris 1929) en Wokke de Ruiter (berne 26 maart 1934), op it Fean yn it houlik. Sij kaam ùt Âldeboarn en hy ùt Jirnsum. Sy wie naaister en wurke op it atelier fan syn heit Tsjeard de Zee (dy wer de soan wie fan Sjouke de Zee, sjoch keppeling hjirunder).

Doe sy elkoar metten sloech de fonk oer. „Dat wurdt neat”, sei eltsenien: „Hy is menist en sy griffermeerd.” En dan wie der noch de maatskiplike steat; wurknimmer mei de baas, dat koe al hieledâl net. It wie in hiel gedoch yn dy tiid. It wiene ommers de sechtiger jierren!

Wy setten troch, tsjin de stream yn, want wy hâlden ommers fan elkoar en dan kin jo alles oan. It libben gie yn rap tempo oan ùs foarby. Der waarden trije jonges berne.

Foar de fabryk (ûnderwilens De Zee Beroepskleding neamt en ferhuze nei in grutter gebou yn It Fean, earst yn itlettere eardere brânwar gebou en letter oan it Stationsplein, sjoch foto's yn de bijlage) waren froulje lettert ùt Joegoslavië helle want der wie in grut personieltekoart yn dy tiid.

De saken giene goed, der moast ùtwreide wurde. We wykten ùt nei Grikelân, en der waard in grutte fabryk bout yn in doarpke, tichtbij de Turkse grins (Sappes). Jierren fan hurd wurkjen en soargen gongen foarby.

Begjin jierren tachtig gong it mis: troch oplichterij, korrupsje, unbetrouberheid fan in Grykske partner, mar ek troch ekonomyske omstannichheden, gong de boel kapot.

‘Ja, wat no?’, fregen wy ùs ôf: we moasten dochs ite. Nei in protte wikken en wegen begong ik in winkel yn bedriuwsklean, "De Zee Stores", oan de Gedempte Molendyk yn it Fean. En Sjouke begong yn bedrukken fan sportklean foar de noardlike provinsjes. En sa ha wy tegearre yn al dy jierren de kop boppe wetter hâlde kinnen.

Ek fertriet gong ùs net foarby; yn 2009 moasten we in soan ferlieze.

Dochs sjogge wy efterom yn tankberens. Wy soene it sa wer oerdwaan mar dan, mei de kennis fan no, misskyn krekt wat oars.