FNP hâldt yn Balk temajûn oer enerzjy

BALK - De FNP De Fryske Marren hâldt op freed 13 desimber om 19.30 oere yn de Treemter yn Balk in jûn oer enerzjy-transysje.

At wy oergean sille op griene enerzjy freget dat in soad besluten. Kieze wy foar wynmûnen? Of feroaret in part fan ús greiden yn sinnefjilden? En wat docht dat dan wer mei de natuer? Hoe krije wy skjinne enerzjy en beheine wy de skea? Hoe wolle wy dat ús gemeente der oer 20 jier útsjocht?

Op ‘e jûn fertelt de ‘Energie Coöperatie Gaasterland’ yn ‘e mande mei ‘Energie van ons’ oer wat se dogge en wat de takomstplannen binne. Hoe kin de gemeente har stypje? Wat kinne de ynwenners dwaan? ‘Warm Heeg’ is mei plannen dwaande om it wetter fan de Hegemer Mar te brûken foar it hiele âlde doarp. In goed foarbyld foar ús gemeente, want marren ha wy ek.

Bouwe de Boer, de Fryske Enerzjykommissaris, fynt dat de enerzjy-transysje yn it foarste plak in saak foar de jongerein is. Fierder wit hij fan alle kanten fan duorsume enerzjy út eigen ûnderfining.

We ha troch ús groeiende ekonomy in soad wolfeart krigen, mar ek in soad bedoarn. No sil der in oare wyn waaie. It is nedich dat de jongerein har dêr aktyf mei bemuoit, it is har takomstige omjouwing. En jongerein is in reklik begryp. De measte 50-ers fiele har ek jong.

Stek dyn ljocht op oer wat de mooglikheden foar doarpen en ynwenners binne en praat mei oer wat de gemeente dwaan kin om lokale inisjativen foar griene enerzjy te stypjen.