Ferhalen út it ferline | 'In goedkeape feger'

​Kin ik de frou ek wat ferkeapje? Spjelden, knopen, bân as jern? ‘ k Bin net djoer, jou ‘t foar in bytsje! Wol de frou net efkes sjen?

‘ k Ha ek skrobbers, bjinders, fegers, 
Sjippe, pinnen, skriuwpapier; 
Poetspomade. âldeklonje, 
Foar in bytsje sikerwier 

Sa stie Tsjeard mar op te neamen  
Tsjin Roel Aukes widdo, Griet, 
Wylst er har in koer taskode 
Dy’t fol snústerijen siet. 

‘k Woe oars wol in feger keapje 
Sis, wat moat ik der foar jaan? 
No, sei Tsjeard jou mar in stoater, 
Minder kin ik him jo net jaan.
 
’k Wit fan stoater oft  fan moater 
Mar dat is grif fiersten te djoer 
Trije stoeren kinn’ jo krije, 
Oars giet de keap mar oer.
 
Nou, sei Tsjeard, ’k wol graach ferkeapje; 
‘d Frou is ek net elkenien, 
Dêrom moat de keap mar oangean, 
Dan ha wy dochs saken dien.

Griet dy krige doe de feger, 
Tsjeard ferfette wer syn wei 
En hy lake loebeseftich 
Noch in hiele tiid dêr nei. 

(Tekst Út Sljucht en Rjucht)

* In stoater wie 12,5 sint