Gordykster Manuela Köster foltôget fantasy-trilogy Tantalus

DE GORDYK - Mei de ferskining fan Ferjilding hat Manuela Köster fan De Gordyk har trilogy Tantalus foltôge. Yn it spannend tredde diel fan Tantalus komme alle ferhaallinen by inoar yn in ferrassend slot.

It boek Tantalus III: Ferjilding ferskynt by útjouwer Elikser yn Ljouwert. Dêr ferskynden ek de beide earste dielen fan de trilogy: Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte (2009) en Tantalus II: Learjild (2013). It tredde diel is 418 siden dik. Oer it boek: Krekt as Fayda, de dochter fan de romrofte krimineel Safout Eldamaty, tinkt dat se har libben op de rails hat, bringt de fermissing fan har sweager dêr feroaring yn. It is it begjin fan in ferwoeden striid om alles te’n goede te kearen. De ûnbekende tsjinstanner driuwt har hieltyd mear yn it nau. Om him te ferslaan siket se stipe by immen út har ferline. Yn dit ferfolch op Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte en Tantalus II Learjild, nimt Manuela Köster de lêzer mei yn de wrâld dêr’t it libben fan in minske net mear wurdich is as wat it opsmyt.

Manuela Köster is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei Gordyk brocht. Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar har syn beheiningen. It skriuwen stelt har yn steat dit te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen. Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei misdiedferhalen.