Fryske Skriuwerskalinder 2014

BALK -  De Skriuwerskalinder foar 2014 is klear en hat as tema Folksferhalen.

It tema Folksferhalen smiet sa’n 90 ynstjoerings op: ferhalen, fersen en byldwurk yn breed ferskaat. Tal fan skriuwers en byldmakkers ha oan dizze kalinder meiwurke: bekend mar ek nij talint. Dit alles oanfolle mei in kreas wykoersjoch wêrby’t feesten en oare bysûndere data oanjûn binne en der genôch romte is foar eigen oantekens. Hiel bysûnder is dat it tema ek moai oanslút by it feit dat 100 jier lyn Dam Jaarsma berne waard, folksferhalensamler by útstek. Der is dan ek wurk fan him opnommen. Fierder fersen en ferhalen passend  by de tiid fan it jier. De yllustraasje fan Ingrid van der Kallen foarop past prachtich by it tema. Los jildt de kalinder € 7,50. Mar yn de Moanne fan it Fryske Boek - fan 13 septimber oant en mei 13 oktober - is de ferkeappriis € 5,00 by oankeap fan € 10,- oan Fryske boeken.