Elske Schotanus fan It Hearrenfean skriuwt roman oer har famylje

TERBAND - Sneon, 14 septimber om healwei trijen bringe Elske Schotanus en Bennie Huisman yn de Rotondetsjerke in literêr en muzikaal programma om de ferskining fan Elske Schotanus har Frysktalige roman In kop as in almenak hinne. De skriuwster sil oer it boek fertelle en inkelde fragminten foarlêze en Bennie Huisman, op akkordeon, fersoarget de muzyk.

‘Ik wenje op It Hearrenfean, mar ik kom fan Terbant,’ fertelt Elske, ‘net fier fan de Rotondetsjerke. As bern gong ik dêr nei sneinskoalle, yn de konsistoarjekeamer, ús pake en beppe lizze dêr op it hôf. Oant foar koart wenne ús mem noch op de Aengwirderwei, koartby is sy nei Mariënbosch ferhuze. As minsken my freegje wêr’t In kop as in almenak oer giet dan is dat best in lestige fraach. Ik ha it boek in sitaat út it bibelboek Prediker meijûn: “Der is gjin oantinken fen ’e foarâlden; en de kommende slachten dy’t wêze scille, dêr scil ek gjin oantinken fen wêze by dyjingen dy’t letter wêze scille.” Doe’t ús mem de earste tekenen fan de sykte fan Alzheimer fertoande, betocht ik my dat it tiid waard om, foar safier mooglik, har ferhalen – en dy fan ús heit – fêst te lizzen. Yn de jierren fyftich farde as kaptein op in kuster en ús mem is op in skûtsje grutbrocht. Dêr sitte ferhalen achter en as nimmen dy fertelt, dy fêstleit, dan reitsje se ferlern. Nei har trouwen befoeren myn âlden, fanút it Hearrenfean wei, tegearre de Fryske marren mei salonboat de Fryslân. Rûnfearten, nei it skútsjesilen en selskippen, in soad Feansters sille dêr noch sa har eigen oantinkens oan ha. As ik by ús mem west hie, dûkte ik thús achter de kompjûter om fêst te lizzen hoe’t sa’n petear mei har ferrûn. “It is teiwaar,” sei se dan bygelyks, “en myn ûnthâld is krekt in bulte snie, it raant stadich fuort.” Ik fûn dat moai en it yntrigearre my ek, dus skreaun ik it op. Doe’t it noch koe ha ik har safolle mooglik noch frege. Hoe seach de roef dér’t jim wennen derút? Hoe wie it om nei de skippersskoalle te gean? Fertel nochris oer dy kear dat jo in krystbeam stellen ha. En wêr wie dat dan? Witte jo ek wêrom’t ús heit as jonge eins nei see woe? Datsoarte fan dingen. In soad, sa die bliken, wie al út har ûnthâld weirekke. By myn syktocht nei it ferline ha ik dêrom ek foto’s brûkt en yn kranteargiven socht. Ik ha de ferhalen kleur jûn, dy fan har en ek wat ik sels noch wist, oer ús heit, oer de paken en beppen. Der wolris wat by fantasearre ek. Dat ús mem fan in skûtsje komt hat ynfloed hân, tink ik, op hoe’t sy is en ek op hoe’t ik bin. En oer de generaasje nei my skriuw ik, net om oer de bern te rabjen, mar om oan te jaan dat de wrâld om ús hinne allegeduerigen yn feroaring is. Yn earste ynstânsje lei ik fan alles en noch wat fêst foar mysels, miskien foar de bern letter. Mar op in stuit tocht ik: dit wurdt in boek. It is gjin roman mei in plot, ik ha it assosjatyf skreaun. In stikje oer ús mem har ûnthâld ferfrisselje ik mei har oantinkens oan eartiids en mei hoe’t de wrâld der op it stuit hinne leit. Sa’n rotonde dy’t in klaverblêd wurdt. Hoe’t ús mem har boarterguod nei de lommerd brocht waard om har in jaske keapje te kinnen set ik tsjinoer hoefolle de bern fan no wol net ha. De earste resinsjes oer In kop as in almenak binne loovjend. Fyftichplussers werkenne der har eigen wrâld yn, mar ek tweintigers binne der optein oer. Ik bin hiel bliid dat ik fan de ‘Vrienden van de Rotondekerk’ de romte brûke mei foar de presintaasje fan it boek. Ik lês dêr inkelde fragminten foar dy’t yn de omkriten fan it tsjerkje spylje. En Bennie siket der bypassende lieten by. It begjin om healwei trijen. Yn de tsjerke is in skilderijetentoanstelling, dat it is de muoite wurdich om earder te kommen. Nei ôfrin is der in hapke en in drankje en om fiif oere bespilet Wobbe Zuidersma it Van Dam-oargel.’ Oanmelde foar de presintaasje: info@elskeschotanus.nl