,Doarpen meie net de dupe wurde fan besunigingen Hearrenfean'

Heerenveen - It Hearrenfean - De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean is min te sprekken oer it kolleezje fan B en W fan PvdA, VVD en GBH. It kolleezje komt neffes dizze party ôfspraken dy’t se mei de doarpen makke hat net nei en lûkt eardere tasizzingen wer yn. It kolleezje hat dit beslút naam omdat Hearrenfean it finansjeel tige swier hat en alle reserves en potsjes brûke wol om de tekoarten dy’t der ûntstien binne troch de grutte plannen út it ferline te ferlytsjen.

It giet ûnder oaren om jild dat ynset wurde soe foar de útwurking fan de doarpsfisy’s. At de plannen fan it kolleezje troch gean moat der in streep troch ferskate plannen wêr’t de doarpen al jierren mei dwaande binne. Ûnder oare it pontsje by de Deelen, de kuiersnetwurken fan Landschapsbeheer yn de easthoeke fan de gemeente, it pleatsen fan buorden yn De Frije Wiken en het projekt “landschap rond dorpen”. De FNP is der ek fan oertsjoege dat, no de gemeente ûnder tasicht fan de provinsje komt, der stevige maatregels naam wurde moatte. Mar de FNP fynt ek dat de doarpen net opdraaie meie foar de problemen dy’t ûntstean binne troch de grutskalige ynvestearingen rûnom it plak Hearrenfean. Hearrenfean sit yn swier waar omdat der yn it ferline te folle grûn kocht is dy’t no ôfwurdearre wurde moat wêrtroch de gemeente oer 2012 op in negative reserve fan 28,8 miljoen euro útkomt.