Kulturele moarn mei de Fryske Krite fan It Hearrenfean

IT HEARRENFEAN - De kofjemoarn fan de Fryske Krite Hearrenfean stie dizze kear yn it teken fan de kultuer om ús hinne en dan yn it bysûnder dy fan de byldhoukeunst. Dêrfoar wie Roelie Woudwijk út De Pein útnoege om oer har wurk te fertellen en der fia dia’s wat fan sjen te litten. It docht wol faker bliken dat de leden fan de krite ek in keunstminnend publyk binne en dat wie ek no wer it gefal: de foarsitter koe sa’n lytse hûndert minsken wolkom hjitte. Dy ha in noflike moarn hân, Roelie ferstiet net allinnich de keunst om moaie byldhouwurken te meitsjen, mar ek om har publyk dêr op ynnimmende wize oer te fertellen. Se praat der sa enthûsjast oer dat men hast oanstriid ha soe om der ek oan te begjinnen. Dat lêste soe nammers net tafalle, want it is nochal leabrekkend wurk en dêrom hat Roelie njonken it byldhouwen der ek noch wol ris wat oars by, sa as bygelyks it gravearjen fan in portret op in grêfstien. Dat heart neffens har net by keunst, mar is dochs in moaie kombinaasje en bringt wat ôfwikseling. Symbolyk rint as in reade tried troch har wurk hinne en ek dat kaam op de dia’s en yn har útlis dêrby moai ta syn rjocht. In tige slagge moarn dus.

Dêrmei is it kriteseizoen al hast wer foarby. It lêste is altyd de algemiene ledegearkomste yn april en dêrnei wachtet wer in nij seizoen, wat dan wer yn oktober begjint. Ek dêrfoar hat it bestjoer al wer in oantreklike ynfolling fûn.