FNP-programma: Minder Den Haach Mear Fryslân

IT HEARRENFEAN - De ôfdieling fan de FNP yn de gemeente Hearrenfean (en it súdlike part fan Boarnsterhim) is klear foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 13 novimber. De FNP hat yn 2010 yn Hearrenfean in grutte sprong makke en sit no foar it earst yn de skiednis mei 2 sitten yn de ried. Yn Boarnsterhim is de FNP al jierren yn fan de grutste partijen yn de ried.

Foar de kommende ferkiezingen rekkent de FNP op in fierdere groei. “We wolle yn de nije gemeente minimaal 4 sitten helje en ek meiprate by de ûnderhandelingen foar in nij kolleezje”, seit fraksjefoarsitter en listlûker Ate Eijer. Hy is de spil fan it team dat har de kommende wiken rûnom yn alle doarpen fan de nije fúzjegemeente presintearje sil. “In groep dy’t belutsen is mei de minsken en dy’t midden yn de mienskip stiet”. De FNP wol har plannen wiermeitsje mei in programma dat basearre is op de nije fisy fan de provinsjale FNP en hat as titel “Minder Den Haach Mear Fryslân”. “Oplossingen dy’t foar de Rânestêd betocht binne passe net ien op ien op de skaal fan Fryslân en de Fryske gemeenten. Regionaal moatte we derom self oer ferskillende saken in beslút nimme kinne dy’t ôfwykt fan wat yn Den Haach betocht is”, sa ûnderskriuwt Eijer de provinsjale ynstek. De FNP is fan betinken dat de provinsje en de gemeenten, mar ek wiken en doarpen en oare mienskippen yn it foarste plak sels de rezjy ha moatte by it nimmen fan beslúten. Foar Hearrenfean betsjut dit u.o. dat der mei faasje wurk makke wurde moat fan de wykfisy’s mar ek dat pleatselike belangen noch mear sels stjoer jaan kinne moatte oan de ûntwikkelingen yn it eigen doarp. De FNP sil derom ek alle inisjativen op it mêd fan it opsetten fan koöperaasjes op it gebiet fan soarch, enerzjy mar ek fan it behear fan sport akkomodaasjes en it ûnderhâld fan de eigen strjitte en de omjouwing stypje.