Fryske krite mei grôtfolle seal

Heerenveen - Freed wie Teake van der Meer oan bar om de krite Hearrenfean te fermeitsjen mei in optreden.

Dat de seal moai fol siet, sil gjin tafal wêze, Teake is noch altiten in publykslûker. Miskien ek ien fan de lêste mooglikheden om Teake noch in kear te hearren, want it skynt dat hy der hast mei ophâlde wol. Dat is neffens Teake ek sa, mar de datum dêrfan is noch net bekend. Hoe dan ek, it wie in prachtige jûn mei in protte mylde humor dat nimmen op it sear komt. De foarsitter fan de krite begûn as frou fan Teake en siet ek aardich yn har rol, mar dêrnei kaam dochs echt Teake sels mei allegear koarte konferenses dy’t tige yn ‘e smaak foelen. Nei it skoft wiene de ferneamde typkes oan bar. Sawol foar as nei it skoft is der omraak lake en dat wie dan ek krekt de bedoeling. Dêrnei koene de minsken noch efkes fan de flier op klanken fan De Nije Knipers. De folgjende gearkomste sil in kofjemoarn wêze mei in lêzing oer de Fryske keunstskilder Sierd Geertsma op 18 maart, mar ûnderwilens is it kritebestjoer al werd drok dwaande mei it program foar it nije seizoen.