Verloop bakt ze al negentig jaar bruin en wit

DRACHTEN

  De Bakkers van Verloop vieren dit jaar hun 90-jarig bestaan.

Tekst en foto's Fokke Wester Jozeph Hartman Verloop (52) en zijn echtgenote Annemieke (51) vieren het jubileum uitbundig, met wekenlang acties in al hun zes vestigingen. Jozeph is vernoemd naar zijn pake Jan Jozeph, die in 1926 begon met een bakkerswinkel aan de Brouwerswal in Gorredijk. ,,Hast hûndert meter fierder as wêr't wy no sitte. Sy kamen oarspronklik fan de Súdwesthoeke. Pake Jozeph wie as jonkje fan alve al yn tsjinst kaam by bakker Valkema yn Aldegea ûnder Snits. Hy wenne der yn de kost en moast bakke en bôle sutelje. Dat gie dêr foaral mei boaten nei de boeren ta. Moatst dy foarstelle, alve jier. En noait kleie.'' Ferfallen Toen Jan Jozeph later trouwde wilde hij voor zichzelf beginnen en aan de Brouwerswal in Gorredijk stond een failliete bakkerij te koop. ,,It wie allegear ferfallen en stikken, ien grutte smoarrige bende, mar ja, oars koe er it ek net betelje. Pake hat it opknapt en yn 1926 binne se útein setten. Doe wennen der sa'n tûzen minsken op'e Gordyk en wienen der wol alve bakkerijen. Ast dat omrekkenst! No wenje hjir 7000 minsken en binne wy de ienige bakker noch. Us konkurrinten binne no de supermerken.'' Pake Jan Jozeph ging tot in de wijde omtrek bij alle klanten langs op zijn fiets, terwijl zijn vrouw in de winkel de klanten bediende. Ook hun zoon Tjitze en schoondochter Janke, die in 1960 de bakkerij hadden overgenomen, besteedden tot 1972 hun tijd nog vooral aan het bezorgen van bakkerswaren. Het was een harde strijd om de klanten. Nieuwe inwoners konden dan ook rekenen op een bezoek van plaatselijke ondernemers, die vroegen of ze alsjeblieft klant bij hen wilden worden. ,,Wy kamen yn 1964 yn de Kompanjonsstrjitte te wenjen en de earste dy't by ús heit en mem oan de doar kaam wie Bakker Verloop'', vertelt Annemieke lachend. In die jaren waren er nog zo'n zes bakkers actief in het dorp, schat Jozeph. ,,Dat wie soms dringen. Ast der net gau by wiest, wie in oarenien dy foar en wiest in klant kwyt.'' Het was een drukke periode in het bakkersvak. 's Nachts stond de bakker in alle vroegte bij de ovens en overdag reisde hij bij zijn klanten langs. ,,En as de klant wat ha woe wat er net mear yn de koer hie, dan gong er earst nei hûs om it te bakken. Dat duorre dan fjouwer oeren en dan moast er der wer mei nei de klant ta. Dat gong soms om in heale bôle.'' Hurd skreppen Eind jaren zestig liet het echtpaar Tjitze en Janke Verloop een nieuwe en grotere bakkerij bouwen aan de Brouwerswal 20, waarin Verloop nu nog is gevestigd. De tijden veranderden, mensen kregen het wat ruimer en naast het brood maakten de bakkers voortaan ook wat meer luxe artikelen, zoals gebak. Al snel daarna smeet Verloop het roer om en stopte hij met venten. ,,Dat wie yn 1972. Al dy jierren wie it hurd skreppen en neat fertsjinje. Mem frege: wat hast no fan'e moarn ferkocht. No, dat en dat. Wel, sei mem, ast no gewoan thús bliuwst, ferkeapje wy dat yn'e winkel ek wol. Hy wie ien fan de earsten dy't der mei ophâlde, mar it wie de tiid ek. De supermerken kamen op en de minsken rekken der oan wend om de boadskippen te heljen.'' In 1986 kwam Jozeph junior in de zaak en toen hij in 1991 met Annemieke trouwde trad zij ook meteen toe tot de firma. Sindsdien is Verloop uitgegroeid van een enkele bakkerij in Gorredijk tot een bedrijf met nevenvestigingen in Beetsterzwaag, Oldeberkoop, Heerenveen, Oranjewoud en Drachten. In de laatste plaats opende het echtpaar twee jaar geleden De Graancirkel, waarin een bakkerij werd gecombineerd met een grand-café/restaurant. Daarnaast is er nog een Versmarkt in Sint Nicolaasga. ,,Dy levert wer it fleis foar de Graancirkel. Eins ha wy it hiele sirkeltsje rûn. It útgongspunt is dat it mekoar fersterkje moat. Sûnder al dy oare bedriuwen hienen wy bygelyks noait mei de Graancirkel begjinne kinnen. Dan is sa'n ynfestearing net op te bringen. Krekt omdat it diel útmakket fan in grutter gehiel kinne wy de tiid nimme om it groeie te litten.'' Overzicht Belangrijk voor een ondernemer is dat hij het overzicht behoudt, legt Verloop uit. ,,As it te grut wurdt, rekkest it oersicht kwyt. Jo moatte noch wol snappe wat jo dogge, jo moatte it stjoere en folgje kinne. Wy meitsje 't ús soms sa yngewikkeld dat wy it net mear folgje kinne. Dan meitsje ik it foar mysels wer lyts. Alle wiken folgje wy de sifers fan it bedriuw, mar dat mei foar my net in pak papier wêze. Ien kantsje A4, dat is genôch. Simpel en dúdlik en net tefolle overhead. Jo moatte de skaal sykje dy't by jo past.'' Er is wel ruimte voor verdere groei, zegt Verloop, maar dat is geen noodzaak. ,,It is mear dat wy sa gedreven binne en nije útdagings sykje. De striid om de klant wurdt hieltyd swierder, dus wy moatte hieltyd mear ús best dwaan om de klant oan ús te binen. Dat dogge wy mei kwaliteit en mei goeie minsken yn de winkels. Dêr moatst wol skerp yn bliuwe. Us klant kiest bewust foar lekker en goed iten.'' Annemieke: ,,Wy fine it ek moai om minsken goed te betsjinjen, in goed gasthear te wêzen. Wat dat oangiet is de Graancirkel wol in apart bedriuw. Horeka hat syn eigen regels. It is in totaal oar fak, dêr binne wy wol achter kaam. Achter de skermen hat it in protte raakvlakken, mar de beleving fan de gast is hiel oars. Dêr moatst op ynspylje kinne.'' Broodbakkers In totaal werken er nu 110 mensen voor De Bakkers van Verloop. Daaronder zijn twaalf broodbakkers in Gorredijk, die in ploegen 's nachts de broodproductie verzorgen. Verder werken er twaalf banketbakkers op de vestiging in Oranjewoud en nog drie koks in Drachten. De productie wordt voornamelijk aangestuurd door de verkoopsters in de winkels, zegt Verloop. ,,Sy hâlde by wat der ferkocht wurdt en wat der noadich wêze sil, want elke winkel hat syn eigen eigenaardigheden.'' Zelf bakt Verloop niet meer. ,,Ik ha genôch oare drokten. Annemieke en ik wurkje beide hielendal yn it bedriuw en wy binne in supergoed team. Wy hoege mekoar net te fertellen wat der dien wurde moat en wy hoege mekoar ek noait wat út te lizzen. It is allegear dúdlik. Wy beslisse alles mei ús twaën. Ik bin faak degene dy't seit fan gean en sy trapet wat faker op de rem, mar sa fulle wy mekoar oan. As ik har net njonken my hân hie, dan koe ik it sa net meitsje.'' Adviseurs ,,Us heit hat hiel lang meiwurke as adviseur en wy ha ek in protte hân oan Annemieke har heit. Dy hat altyd yn it internasjonale bedriuwslibben sitten. Fan ús heit haw ik it bakken leard en it omgean mei de klanten, fan skoanheit it ûndernimmen, it nei de sifers sjen. De earste komputers binne hjir kaam omdat skoanheit sei dat wy dat dwaan moasten. Dat wie yn 1990, doe binne wy begûn mei it meitsjen fan listkes yn de komputers. Ast wat net wist, moatst it ergens oars weihelje. Sa sparre wy ek in protte mei ús reklameman. By de opset fan De Graancirkel ha wy oeral mei him west te sjen, yn Londen, Paris, Düsseldorf. It is gewoan dom om net gebrûk te meitsjen fan in oar syn ûnderfining en fisy.'' De enige zoon van het echtpaar studeert op dit moment aan het Amsterdam Fashion Institute. ,,Sa't it no liket wurdt hy net bakker, mar jo witte it noait. De hûndert jier folmeitsje sil op himsels gjin probleem wêze en dêrnei sjogge wy wol. Ik tink sels dat it bedriuw de twahûndert jier ek wol helje kin. Wy kinne noch wol eefkes foarút. Elke moanne by it sjef-oerlis freegje wy om nije ideeën. Soms komt der neat út, soms hiele leuke dingen. Sa sjogge wy om ús hinne: wat is der op de merk en wat is leuk om der by te dwaan. Sa kinst dysels hieltyd fernije en krijst produkten dy't fierder gjinien hat.'' Smaak Verloop heeft de jongste crisis overleefd en is middenin de economische teruggang zelfs de uitdaging in Drachten aangegaan. ,,Wy ha der wol lêst fan hân, mar dat jildt foar elkenien. It bakken fan bôle is yn wêzen noch it selde as njoggentich jier lyn. It is noch altyd in ambacht, ek al is de bôle fan no in oarenien as dy fan 1926. Wy besunigje net op grûnstoffen en de kwaliteit fan it materiaal is tsjintwurdich folle konstanter. Mar it bliuwt yn de kearn it selde resept: it bakken hat gewoan syn tiid noadich. Tiid makket de smaak.''

Auteur

Fokke Wester